Fitaminen foar de siel

Deze tekst is ook beschikbaar in het Nederlânsk

Lykas it fysike lichem iten nedich hat om (oer-) libje te kinnen, moatte minsken ek noed stean foar iten foar harren siel. De siel is yn de betsjutting dy’t it meast brûkt wurdt de net-materiële, spirituele komponint fan de minske. Yn in oare (esotearyske) opfetting is it de útdrukking of it ynstrumint fan de (ivige) geast.

Soarch foar de Siel wie yn ús kultuer in hiel skoft foarbehâlden oan de (katolike) tsjerke. Dizze tsjerke wie ek ien fan de grutste opdrachtjouwers en fersprieders fan de byldzjende keunst. De lju wienen fan betinken dat byldzjende keunst op in oar nivo as it sprutsen wurd utering jaan koe oan it ‘Hillege’ al waard dat dêrnei brûkt om de minskheid ta it wiere leauwe te bekearen. De opfettings oer leauwe en tsjerke binne yn ’e rin fan ’e tiden feroare en evoluearre; byldzjende keunst stiet net langer allinnich mear yn tsjinst fan ‘e religy, mar is mear en mear in uteringsfoarm wurden fan de yndividuele keunstner. De essinsje fan de byldzjende keunst, it (oan-)reitsjen fan de minsken op sielnivo is lykwols net feroare. Yn ‘e fisy fan de Stichting is byldzjende keunst in yngrediïnt foar in sûn bestean. Spiritueel iten foar de minske; fitaminen foar de Siel.

Vitaminen voor de ziel

“De minske is yn ‘e wrâld fan ‘e moderne wittenskip net mear it sintrum fan it universum, der is gjin plak mear foar it mystearje fan it minskwêzen. Allinnich de keunst kin útdrukking jaan oan it ûnneigeanbere bestean en moat dêrom ta in hillige plicht omheech brocht wurde’’ (Philip Freriks)

De Stichting hat dizze fisy oerset yn in fysyk platfoarm foar byldzjende keunst; de byldetún hat de foarm fan in ‘’brûsplak’’ dêr’t romte by bean wurdt foar de ûntjouwing fan nije paden, nije foarmen en nije relaasjes mei it publyk en de romte. De byldetún is de basis fan alle aktiviteiten.