Oer de Stichting Keunstkrite Twizel

Deze tekst is ook beschikbaar in het Nederlânsk

Stichting Twizel is in stichting dy’t ûnder oare as doel hat de algemiene kulturele ûntjouwing te stimulearjen. Dêrta wurde alderlei aktiviteiten út ‘e wei set dy’t te krijen hawwe mei keunst en kultuer. It doarp en de omkriten fan Twizel steane sintraal yn de organisaasje fan de aktiviteiten. De beleefberens fan it plattelân is dêrby it spearpunt.

De Stichting hat aktiviteiten opnommen op it mêd fan byldzjende keunst, literatuer en poëzy, mar organisearret en stipet ek lytsskalige eveneminten dy’t te krijen hawwe mei Fryske kultuer, de agraryske kultuer en de kriteshistoarje.

Foar de Stichting binne allinnich frijwilligers yn ’t spier en de Stichting wurdt finansjeel stipe troch donateurs en sponsors. Liket it jo aardich om as frijwilliger mei te dwaan yn ‘e organisaasje of útfiering, dan kinne jo kontakt opnimme troch us kontaktpagina.